Di Gojim en Breteler teater yn

03 jan 2011 - 21:45

De Fryske klezmerband Di Gojim giet opnij de teaters yn. Se dogge dat tegearre mei Gerrit Breteler. Meielkoar meitsje se it programma Vysotsky dat giet oer de leafde foar it skoarremoarje en de hoeren.

Se sille se besjonge yn it Liwwadders, it Frysk, it Jiddysk en it Nederlânsk. Vysotsky wie in Joadsk-Russyske sjonger dy't mear as 600 ferskes neilitten hat. Di Gojim kaam koartlyn noch yn it nijs omdat se spilen by de begraffenis fan Harry Mulish.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)