Opposysje tige kritysk yn SWF

De wethâlders waarden foarige wike presintearre
De opposysje yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân is tige kritysk oer de koalysjefoarming yn de nije gemeente. Sa binne se min te sprekken oer it bûtensluten fan de FNP. Boppedat soene der tefolle wethâlders yn it nije kolleezje út de stêd ôfkomstich wêze.
Dat die moandei bliken op de earste riedsgearkomste yn it riedshûs yn Drylts. It nije kolleezje bestiet út fiif wethâlders fan trije ferskillende partijen. Twa fan it CDA, twa fan de PvdA en ien fan it VVD.