Nij bestjoer iisbaan Boalsert

03 jan 2011 - 16:22

Yn maart wurdt yn Boalsert in nij bestjoer keazen foar de pleatslike iisbaanferiening. Ein ferline jier stapte it bestjoer op nei in langrinnend konflikt mei de gemeente oer in stek om de iisbaan. Der is doe in ynterimbestjoer beneamd.

Neffens ynterim-foarsitter Anton van der Weide kin it nije bestjoer yn maart begjinne mei in soad ambysjes. Der is in nije feimasine, in grut tal adviseurs is belutsen by de iisbaan, der komt in ledewinaksje en in webside.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)