René Stellingwerf jout net op

03 jan 2011 - 16:17

Foar iisspeedwaykoereur René Stellingwerf is it seizoen striemin begûn. De 39-jierrige Tsjummearumer rekke in pear wike lyn op trainingskamp yn Sweden slim blessearre. Hy bruts dêr syn skyn- en kûtbonke. Mei in titanium pinne is alles fêstset, gips sit der net om syn rjochterskonk.

Stellingwerf hat dêrom it seizoen ek noch net út 'e holle set. Hy wol him op sneon 22 jannewaris kwalifiseare foar de searje WK-wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)