Kandidaten foar taksysintrales

03 jan 2011 - 14:15

Op it stuit binne der fjouwer partijen ynteressearre yn it oernimmen fan de taksysintrales Súdwest Fryslân en Noardwest Fryslân. It bedriuw dat ûnder dy beide nammen wurket, is sûnt ferline wike tongersdei fallyt.

Nei it fuortfallen fan inkele grutte klanten koe it bedriuw syn miljoeneskuld net langer betelje. Dêrmei driigje goed 160 minsken har wurk kwyt te reitsjen. Om't der noch 30 opdrachtjouwers binne, hat kurator Verdonk fertrouwen yn in trochstart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)