Soargen oer skoalle Hjerbeam

03 jan 2011 - 12:33

Alders fan bern fan basisskoalle de Moskeflapper yn Hjerbeam meitsje har bot soargen oer it fuortbestean fan de skoalle. Op dit stuit hat de skoalle noch mar santjin bern. De wetlike grins leit op 23.

De âlderried is dwaande in aksje op poaten te setten, tiisdei ha se de earste gearkomste. Ek doarpsbelang wol dat de skoalle iepen bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)