Ferwûne by wenningbrân
De brânwacht moast sneintejûn yn aksje komme by in brân yn in hûs oan de Gerben Colmjonwei yn Ljouwert. De 37-jierrige bewenner dy't de brân op solder ûntduts, rûn dêrby brânwûnen op en problemen mei it sykheljen. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Syn húsgenoaten kamen mei de skrik frij en binne ergens oars ûnderbrocht.
De oarsaak fan de brân is noch net bekend.