Noch gjin beslút oer Sahar

Gjin beslút oer Sahar foar healwei jannewaris
It Afgaanske famke Sahar kin yn elk gefal oant healwei dizze moanne yn ús lân bliuwe. In wurdfierster fan minister Leers fan Ymmigraasje en Asyl seit dat earst de útspraak fan de Ried fan Steat ôfwachte wurdt. De 14-jierrige gymnasiaste út Sint Anne moat it lân út.
Sympatisanten wolle har útsetting foarkomme en yn de Twadde Keamer hat yn desimber in debat oer de saak west. Neffens syn wurdfierster sil minister Leers yn elk gefal net foar de ein fan it krystreses in beslút oer Sahar nimme.