Auto oer de kop op N31

02 jan 2011 - 13:32

In frou (23) út Ljouwert rekke sneon ferwûne nei in iensidich ûngelok op de N31. Se siet as passazjier by in Ljouwerter yn de auto. Dy 28-jierrige bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak by Harns fan de dyk en sloech oer de kop.

It slachtoffer is mei nekklachten mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)