Man mei drank op botst
Op de A32 hat de plysje sneontejûn in man (40) út Wolvegea oanhâlden. Hy hie by de ôfslach by Teridzert in oanriding feroarsake wylst er ûnder ynfloed wie.
De man wie tsjin de achterkant fan in auto oanriden. Dy bestjoerder belle de plysje nei't er drank rûkte by de Wolvegeaster. De man hat in proses-ferbaal krigen en in rydferbod fan alve oeren.
Trefwurden:
argyf