Feanster joyrider oanhâlden

02 jan 2011 - 12:52

De plysje hat sneon in man (37) fan It Hearrenfean oanhâlden. De man wie nei in botsing tsjin in lantearnepeal trochriden. Oaren seagen dat en bellen de plysje. Se rieden achter de man oan en seagen dat de bestjoerder de auto parkearde en in hûs yngie. De plysje hâlde de man dêr oan. Hy hie dronken en de auto sûnder tastimming liend.

De man hat proses-ferbaal krigen foar ûnder oare joyriding en in rydferbod fan alve oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)