Ferwert hat wer in stasjon

Op in stik fan it âlde spoar fan it Dockumer Lokaeltsje tusken Ljouwert en Dokkum lizze sûnt âldjiersnacht wer rails. It spoar is by Ferwert dellein troch âldjiersploech De Geitefok fan Ferwert. Mar de trein kaam net. Neffens de âldjiersploech omdat de NS en Prorail de treinen net op tiid ride litte kinne as der wat snie of blêden op de rails lizze.
Mar middeis wie it dan dochs sa fier: in houten kopy fan de lokomotyf fan it âlde Dockumer Lokaeltsje kaam oanriden.