Protest tsjin ranchewenten

It protestboerd yn it Paradyske
Bewenners fan It Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost ha as nijjiersstunt in protestboerd by de yngong fan it gebiet set. Sy binne tsjin de plannen fan Achtkarspelen en Kollumerlân om yn it gebiet plak te meitsjen foar ranches.
Mei de ranchewenten wolle de gemeenten en in projektûntwikkeler rike hynstehâlders lûke. Se krije in bunder grûn mei plak foar bygebouwen. Neffens de bewenners bliuwt der dan neat fan it moaie kûlizelânskip oer.