59 fjoerwurkslachtoffers

© Omrop Fryslân
59 Friezen moasten yn de âldjiersnacht nei dokterswacht of sikehûs fanwege fjoerwurkferwûnings. De helte fan harren fanwege eachletsel. Under de slachtoffers wiene sa'n acht bern yn de leeftyd fan tusken de 7 en 12 jier. Ien persoan is oerbrocht nei it brânwûnesintrum yn Beverwyk.
Alle oare slachtoffers koene nei behanneling wer nei hûs. De ambulânsetsjinten hiene it de ôfrûne jierwiksel krekt wat drokker as op in gewoane útgeansjûn.