Byld Beatrix dûkt op yn Elslo
Aldjiersploech Vesuvius fan Elslo presintearre âldjiersnacht yn kafee 't Anker it brûnzen byld fan in fytsende Keninginne Beatrix. Leden fan Vesuvius hiene it byld yn de nacht fan tongersdei op freed ophelle yn nasjonaal park De Posbank by Rheden yn Gelderlân.
Dat opheljen barde mei sniekettings om de bannen fan in terreinwein mei oanhinger. Op it plak fan it byld fûn de behearder op âldjiersmoarn de tekst: 'Ik ben uit fietsen.'