Nije stuollen op tribune VIOD

01 jan 2011 - 10:24
Der wie op nijjiersdei in soad belangstelling foar de nije tribune

De nije tribune yn oanbou fan fuotbalferiening VIOD yn Driezum is âldjiersnacht foarsjoen fan lúkse kúpstuoltsjes. Op nijjiersdei wiene ûnbekende VIOD-fans ferantwurdlik foar dizze ferrassing. De stuoltsjes wiene ophelle by grutte broer Broekster Boys.

VIOD hat de lêste tiid ferskate kearen fan Broekster Boys wûn; earst yn it bekertoernoai en letter yn de finale fan de Dantumadiel Cup yn de seal. Neffens VIOD kinne fuotballeafhawwers dêrom better foar dizze klup kieze.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)