Huzen ûntromme yn Mullum

01 jan 2011 - 09:32

Yn Mullum binne op nijjiersmoarn fjouwer huzen ûntromme, omdat der in âld skoalgebou yn 'e brân stie. De melding kaam om healwei seizen hinne binnen. De brânwacht skaalde fuortendaliks grut op, omdat de huzen dêr ticht opinoar steane.

De brânwacht wie benaud dat de flammen oerslaan soene. Dat barde úteinlik net. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Der kamen gjin skealike stoffen frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)