Pleats útbaarnd yn Allingawier

01 jan 2011 - 03:35

In pleats oan de Bonjeterperweg yn Allingawier is âldjiersnacht folslein ferlern gien. De brân waard krekt foar njoggenen ûntdutsen en al gau wie der gjin rêden mear oan. De hurde wyn soarge derfoar dat de massaal oanwêzige brânwacht neat mear dwaan koe. De bewenners fan de pleats wiene net thús. It fee koe troch de buorlju rêden wurde.

By de brân is mooglik asbest frij kaam. Wat de oorsaak west hat fan de brân is ek noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)