Ferstekkeling yn Harns seesiik

Yn de haven fan Harns hat de maresjesee freed in ferstekkeling oantroffen op in skip út Marokko. It giet om in 35-jierrige man út dat lân. De man hie him earder op de reis melden by de kaptein fan it skip omdat er seesiik wie. De kaptein warskôge de maresjesee.
De Marokkaan is by oankomst yn Harns de tagong ta Nederlân wegere. Hy is mei itselde skip wer rjochting Algerije gien.