Marsum wol Piter Wilkens hâlde

De âldjiersploech fan Marsum is yn aksje kaam om Piter Wilkens yn Marsum te hâlden. Wilkens sei ferline wike yn in ynterview yn de Ljouwerter krante dat hy om de leafde ferhúzje wol nei de omkriten fan Dokkum.
Yn Marsum binne se bot skrokken fan dy útlittings. De âldjiersploech hat it hûs fan Wilkens ôfset mei stekken en spandoeken mei teksten. Ek ha se de Marsumer fersy fan de Liwwadder Blues foar him songen. Wilkens hat tasein dat er Marsum net gau ferlitte sil.