Twa ferwûnen by oanriding

31 des 2010 - 16:30

By in oanriding op de rotonde op De Jouwer binne freed twa minsken ferwûne rekke. By it ûngelok fanút de rjochting Snits wiene trije auto's belutsen.

Oer de oarsaak fan de oanriding is noch neat bekend. De beide ferwûne minsken binne oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)