Op 'e bon foar fjoerwurk

31 des 2010 - 14:10

De plysje hat tongersdei en freed ferskate minsken op de bon slingere fanwege it besit en ôfstekken fan yllegaal fjoerwurk. Yn in hoarekabedriuw oan de Legewei yn Burgum fûn de plysje 15 kilo yllegaal fjoerwurk. De eigner krige in proses-ferbaal.

Yn Drachten krige in man in bekeuring omdat er 10 kilo swier yllegaal fjoerwurk yn syn sliepkeamer hie. En twa jonges út Wolvegea giene op de bon omdat se nitraatbommen yn besit hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)