Leden FL krije lêste wurd

Ad van de Kolk
De leden fan Feriene Lofts meie nije wike har oardiel jaan oer it bestjoer. Dat is besletten no't twa riedsfraksjes en de steatefraksje fan Feriene Lofts it fertrouwen yn it bestjoer opsein hawwe.
It bestjoer hie oanjûn ûntefreden te wêzen oer it optreden fan Ad van de Kolk, fraksjefoarsitter yn Súdwest Fryslân, tidens en nei de ferkiezings dêr. Alle fraksjeleden soenen achter Van de Kolk stean. It bestjoer jout dêrom de leden it lêste wurd.