Karbidsjitten rûnom yn Fryslân

31 des 2010 - 12:05

Rûnom yn Fryslân wurdt âldjiersdei neffens tradysje karbidsketten. Yn guon doarpen steane meardere molkbussen klear om ôffjurre te wurden. Yn Beetstersweach hat de jongerein de krêften bondele yn it karbidteam Beetstersweach.

Op in stik lân oan de râne fan it doarp steane 50 molkbussen en ien grut kanon opsteld. Mei muzyk en snert wurdt besocht der in wier evenemint fan te meitsjen. Oerol wurdt noch de hiele middei sketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)