Aldjiersfeest Surhuzum ôfsein

Foto: Jan Beets/112Nederland
It feest dat fanwege de jierwiksel hâlden wurde soe yn doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum, is ôfsein. Reden is it ferstjerren fan in 31-jierrige man út it doarp. Hy kaam tongersdei oan de ein fan de middei om it libben by in ûngelok ûnder Strobos. Hy wurke by de plysje yn Drinte
De minsken yn Surhuzum wiene krekt dwaande mei de organisaasje fan it feest, doe't se it nijs krigen. Se hawwe fuortendaliks besletten it feest oergean te litten.