Wetterskip mealt wer
Wetterskip Fryslân hat de gemalen yn de polders mei yngong fan freed wer oanset. Dat yn ferbân mei it teiwaar. De gemalen yn de boezem bliuwe freed noch út, omdat it noch net hielendal wis is oft de teiwaarperioade trochset.
It oansetten fan de gemalen betsjut dat de iislaach ekstra hurd slyt en dat it iis dêrtroch wol hiel ûnbetrouber wurdt.