Breuk bestjoer en fraksjes FL

Ad van de Kolk
De steatefraksje en twa riedsfraksjes fan Feriene Lofts hawwe it fertrouwen opsein yn it bestjoer fan de partij. Oanlieding is dat it bestjoer fraksjelieder Ad van de Kolk fan de fraksje yn Súdwest-Fryslân frege hat om syn sit op te jaan.
It bestjoer soe fine dat Van de Kolk net goed kommunisearre hat en de leden net genôch betanke hat foar de ynset foar de ferkiezingskampanje. De riedsfraksjes en de steatefraksje herkenne har net yn dat byld.