Nije buskaartsjes Qbuzz

Busferfierder Qbuzz komt per 1 jannewaris mei nije buskaartsjes. Dêrmei kin tenei ek foar 9 oere moarns reizge wurde sûnder dat dêrfoar in taslach betelle wurde moat. Ofhinklik fan de ôfstân giet it om kaartsjes fan 2, 4 of 6 euro.
Mei de nije kaartsjes kin sûnder ekstra kosten oerstapt wurde fan in Fryske bus op in bus yn Drinte of Grinslân. Yn it wykein kin men reizgje foar de heale priis: it hinnekaartsje jildt ek foar de weromreis.