IIs Tsjûkemar ûnbetrouber
It iis op de Tsjûkemar is net mear te fertrouwen. De wyn is draaid wêrtroch't der kistwurken ûntstean. Ek slyt it iis no folle hurder. Rayonhaad Ten Boom fan Dolsterhuzen riedt minsken ôf noch op de mar te kommen.
Der wurde buorden pleatst om minsken te warskôgjen. Ride op de mar is no foar eigen risiko.