Jan Tekstra yn útfeart Top 50

30 des 2010 - 17:10

De Fryske sjonger Jan Tekstra stiet mei ien fan syn nûmers yn de Uitvaart Top 50. Dat is in list mei de meast draaide muzyk op begraffenissen en kremaasjes yn Nederlân fan dit jier. It giet om it nûmer Het Water, skreaun troch Tekstra, mar songen troch Marco Borsato.

It nûmer stiet op it twadde plak yn de Uitvaart Top 50. Andrea Bocelli stiet op nûmer ien, mei Time To Say Goodbye. Der steane gjin Fryske nûmers yn de list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)