Fjoerwurkbrillen útferkocht

30 des 2010 - 16:17

De fjoerwurkbrillen dy't sikehûs MCL op de eachpoly ferkeapet foar folwoeksenen binne no al útferkocht. It sikehûs hie 250. Der binne allinnich noch feilichheidsbrillen foar bern en froulju te krijen.

It MCL fynt it in goede ûntjouwing dat hieltyd mear minsken in bril opsette by it ôfstekken fan fjoerwurk. Sa wurdt in soad eachletsel foarkaam. De measte ûngelokken mei fjoerwurk ha eachletsel ta gefolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)