Gaslek yn Harns

30 des 2010 - 13:36

In part fan de Kanaalwei yn Harns is tongersdei tydlik ôfsletten foar alle ferkear yn ferbân mei in gaslek. Krekt foar de middei waard de brânwacht ynskeakele om it lek op te spoaren. Yntusken is it lek fûn en wurdt besocht it ticht te meitsjen.

It is noch net dúdlik hoelang't dat duorje sil. Ek oer de oarsaak fan it lek is noch neat te sizzen. Untromming fan de omjouwing is net nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)