Plysje freget help Sweagerbosk

30 des 2010 - 11:57

Ynwenners fan Sweagerbosk moatte har melde by de plysje as se wat witte fan in slimme mishanneling fan in doarpsgenoate. De frou waard ôfrûne moandeitejûn by har wenning oan de Heidewei fan efteren oanfallen en ferskate kearen tsjin de holle skopt en slein. De frou leit swierferwûne yn it sikehûs.

Yn it doarp draait it geruchtesirkwy op folle toeren. De plysje is benaud dat doarpsbewenners har net melde út eangst foar repressailles fan de dieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)