Lichte panyk by brân Drachten

30 des 2010 - 07:50

Der hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in lytse brân west yn in boppewente oan de Dorsvloer yn Drachten. Der wie efkes panyk, omdat der neidat de brân ûntdutsen waard noch in baby yn de wente wie. Mar dy koe op 'e tiid yn feilichheid brocht wurde en mankearre neat.

De brân is nei alle gedachten feroarsake troch in defekt yn in televyzje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)