Amper froastskea Fryske diken

29 des 2010 - 18:42

Der is amper froastskea oan de Fryske diken. Op in soad sneldiken yn de rest fan it lân moatte op dit stuit in protte needreparaasjes dien wurde, om't de froast foar grutte gatten soarget. Yn Fryslân hoecht dat net.

Neffens Rykswettersteat komt dat benammen trochdat hjir amper snie fallen is en de diken dus ridlik skjin bleaun binne dizze winter. As it teiwaar wurdt, kin Rykswettersteat lykwols pas in goede ynventarisaasje meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)