Dreech jier Fryske makelers

29 des 2010 - 18:04

De Fryske makelers hawwe in dreech jier achter de rêch. Troch it ynsakjen fan de wenningmerk binne de ynkomsten fan de makelers flink nei ûnderen gien. Falliseminten hat dat kwalik opsmiten, mar wol is der in flink tal banen ferlern gien. Dat seit de Fryske makelersferiening NVM.

Wol binne der in grut tal lytsere makelerskantoaren bykaam. Dy dogge benammen saken fia ynternet. Neffens de NVM sil dat de kommende jierren hieltyd faker foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)