Pasjint MCL mei MRSA-baktearje

Yn it MCL yn Ljouwert is de MRSA-baktearje ûntdutsen by in pasjint dy't op de ôfdieling Onkology leit. Dy persoan is fuortendaliks isolearre. De pasjint hat gjin lêst fan de baktearje.
Tritich meiwurkers en acht pasjinten binne ûndersocht op besmetting. Dêrút docht bliken dat der net mear minsken de MRSA-baktery hawwe, mar noch net alle útslaggen binne bekend. De ôfdieling Onkology bliuwt gewoan iepen.