Jorrit Bergsma wint maraton

29 des 2010 - 15:09

Jorrit Bergsma is by de manlju winner wurden fan de Ronde fan Duurswold op it Grinzer Schildmeer. De maratonreedrider út Aldeboarn makke him yn de lêste omloop los fan in kopgroep fan trettjin en gie nei 100 kilometer allinnich oer de finish. Twadde waard Douwe de Vries fan It Hearrenfean en tredde Geert-Jan van der Wal út Emmeloord.

Earder dizze winter waard Bergsma al Frysk maratonkampioen op it Iselmariis by Hylpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)