Frou mei auto fan de dyk
By in ûngelok op de Rypsterdyk by Marsum is woansdei in automobiliste mei de auto fan 'e dyk ôfrekke. De frou kaam fan Ljouwert ôf en naam de ôfrit nei Marsum. De auto rekke dêr troch noch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk en bedarre op it iis yn de sleat.
De bestjoerster is mei nekke- en rêchklachten nei it sikehûs brocht.