Leenstra wint 1500 meter

Marrit Leenstra fan Wikel hat woansdei op it Nederlânsk Kampioenskip yn Thialf de 1500 meter wûn yn in tiid fan 1.57,57. Se makket dêrmei it gat op har grutste konkurrinte Diane Valkenburg foar de nasjonale titel noch wer grutter. Valkenburg waard twad yn 1.59,14. Jorien Voorhuis pakte it tredde plak yn 1.59,61.
Valkenburg moat op de ôfslutende 5000 meter 13,81 sekonden goedmeitsje op Leenstra. Dy 5 km wurdt oan de ein fan woansdeitemiddei ferriden.