Bleathûntsjes no yn Helmond

De twa 'Chinese Naakthondjes' dy't moandei fûn waarden op De Lemmer binne tiisdei ophelle troch in fokster út Helmond. De twa hûntsjes dy't hast hielendal gjin hier ha, waarden triljend fan de kjeld fûn en nei it biste-asyl yn Snits brocht.
De fokster út Helmond soe earst mar ien hûntsje ophelje, mar nei oerlis mei de fokster fan de oare hûn waard besletten om se beide mei te nimmen. De eignaresse fan de bisten hat har noch hieltyd net meld.