Famkes mishannelje oare famkes

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling fan twa famkes tiisdei yn Ljouwert. De famkes, in 16-jierrige Dronrypster en in famke fan 15 jier út Ferwert, sieten mei noch twa freondinnen te iten yn in restaurant op de Wurdumerdyk.
Doe't se nei bûten rûnen waarden de famkes lestichfallen troch twa famkes mei in tinte hûdskleur. Letter waarden se ek troch dizze famkes skopt en slein. De Dronrypster krige dêrby klappen yn it gesicht.