Tsjûgen mishanneling socht

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling yn Sweagerbosk. Op moandeitejûn omtrint acht oere waard in 34-jierrige ynwenster fan dat doarp fan achteren beetpakt, krekt doe't se thúskaam. De dieder joech har inkele klappen tsjin 'e achterholle.
Doe't de frou besocht harsels om te draaien waard se fol yn it gesicht slein. Dêrtroch kaam se te fallen. De dieder hat har dêrnei ek noch skopt. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen ha.