Auto-ynbraken yn Harns

29 des 2010 - 09:39

Yn Harns binne yn de nacht fan sneon op snein fjouwer auto's iepenbrutsen. De auto's stiene parkeard op de F. Domela Nieuwenhuisstrjitte en de Grettingaleane.

De dieders hawwe ûnder oare in kentekenbewiis, in navigaasjesysteem en in bosk mei kaaien meinaam. Ut ien auto is neat weihelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)