Nij meldpunt yn Achtkarspelen

29 des 2010 - 06:51

Ynwenners fan Achtkarspelen dy't by de jierwiksel tsjûge binne fan fernielings of agresje kinne dit melde by in spesjaal Meldpunt. Fia Twitter, e-mail, ynternet en de tillefoan kinne se harren klacht melde en de gemeente soarget dat dizze behannele wurdt.

Doel hjirfan is om boargers mear bewust te meitsjen fan harren eigen ferantwurdlikheid. Ek witte bewenners sels better wêr't jongerein omhinget en wêr't saken fernield wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)