Offal oer wetter heakket

Omrin kin de tasizzing om in part fan it ôffal foar de nije ôffaloven yn Harns oer it wetter oan te fieren noch net neikomme. Neffens foarsitter Ype Dijkstra fan de Noardlike ôfdieling fan Schuttevaer binne wichtige foarsjennings dêrfoar noch net klear.
Deputearre Piet Adema sprekt de direksje fan Omrin hjirop oan. Mar neffens Omrin heakket it foaral by oare oerheden en ynstânsjes sa as de provinsje. Dy baggert bygelyks in kanaal by it stoart De Wierde te let.