Soad publyk yn Earnewâld

28 des 2010 - 17:23

Der wie flinke publike belangstelling tiisdei yn Earnewâld by de '100 fan Earnewâld', ien fan de klassikers op natueriis. It wie 13 jier lyn dat dizze maraton foar manlju, froulju en feteranen riden wurde koe.

Ek keunstskilder Gosse Koopmans wie te finen op it iis. Hy skildere it stiif beferzen wetter fan it Wiid by Earnewâld, it peloton maratonriders, de hûnderten minsken mei oranje mûtsen op de kant en de organisaasje yn giele hesjes op it iis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)