Twa jier foar seks mei famkes

28 des 2010 - 15:36

In 35-jierrige Ljouwerter is ta twa jier selstraf feroardield fanwege seks mei minderjierrigen. De man hie seks hân mei twa famkes fan 14 en 15, dy't seinen dat se maatskiplike staazje rinne woenen yn de seksyndustry. De rjochtbank fûn dat de man better witte moatten hie, ek al hiene de famkes liigd oer de leeftiid.

De man, in pooier op de Weaze, wie earder ek al ris feroardield foar seks mei minderjierrigen. De famkes krije in skeafergoeding fan 750 euro elk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)