Sprinttitel foar Margot Boer

28 des 2010 - 13:21

Reedrydster Margot Boer fan Grou is tiisdei op It Hearrenfean foar de twadde kear nasjonaal kampioen wurden op de sprint. Yn Thialf wûn se krekt as op moandei de 500 meter (38.38) en waard se tredde op de lêste 1000 meter yn 1.16.85 en dat wie genôch foar de titel. Iren Wüst wûn opnij de kilometer.

Yn de einstân waard Annette Gerritsen twadde en Laurine van Riessen tredde. Wüst waard fjirde en Thijsje Oenema, tredde op de 500 meter, fiifde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)