Skea oefenromte troch karbid

De oefenromte fan de Fryske band NNB, dat stiet foar Noch Net Bekend, yn Ingelum hat in soad skea oprûn troch in karbidknal. Alle ruten binne fernield en der lei oeral glês oer de flier. Neffens bandlid Gosse-Pieter de Vries is de âldjiersploech ferantwurdlik foar de skea. Der is gjin oanjefte dien.
De nije cd fan NNB krijt de namme Bjusterbaarlik Hurd, mar dat hat neat te krijen mei de skea fan it karbidsjitten.